It Frânsk (français) is tredde nei tal fan sprekkers op'e Romaanske taallist; nei it Spaansk en Portugeesk, wurdt it Frânsk sprutsen troch mei-inoar 120 miljoen minsken. It Frânsk is ûntstean út it Latyn, mar der binne ek in soad Ald-Grykske lienwurden yn 'e taal. Der binne in protte Frânske dialekten; foar de standerdtaal, lykas it geef Frysk, ha de Frânsen it français neutre. It Frânsk is yn 30 lannen op'e ierde in offisjele taal.

Haadstêd fan Frankryk; Parys.

It Frânsk is ek in offisjele of diplomatyke taal yn ferskate mienskippen en ynternasjonale organisaasjes, bygelyks de Jeropeeske Uny, Ynternasjonnale Olympyske Kommisje, Afrikaanske Uny, Ynterpol ensfh., en ien fan de seis offisjele talen fan 'e Feriene Naasjes en syn agentskippen. Wylst de wichtigens fan 'e Frânske taal efterút rint, troch it plak fan it Ingelsk yn 'e lêste trije ieuen fersterke is, hat it Frânsk as diplomatyke taal noch hieltyd in hege status.

Sjoch de ynhâld.

Sjoch ek