Sealterfrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Scharrel.jpg|thumb|right|twatalich plaknamboerd fan it doarp Schäddel.]]
[[Ofbyld:Frisian flag.svg|22px]] It Sealterfrysk (''Seelterfreesk'') is in Fryske taal mei likernôch 2,250 sprekkers. It Sealterfrysk is in troch Dútslân en Jeropeeske Uny erkende minderheidstaal. It is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk, dat eartiids yn alle East-fryske lannen fan 'e Iems oant 'e Wezer sprutsen waard. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk foarmet it de Fryske taalgroep.
 
Fanâlds bestie Sealterlân út trije doarpen, Roomelse (Dútsk: Ramsloh), Schäddel (Scharrel) en Strukelje (Strücklingen). De nije delsetting Seeidelsbierich (Sedelsberg), by Schäddel, hat tsjintwurdich ek de status fan doarp. It Sealterfrysk bestiet út trije ûnderling fersteanbere dialekten, dy't oerienkomme mei de trije histoaryske doarpen. Yn Seeidelsbierich, wat in nije koloanje is, wurdt net folle Sealterfrysk sprutsen; hja dy't it dogge sprekke it dialekt fan Schäddel. De ferskillen tusken de dialekten binne relatyf grut foar sa'n lyts taalgebiet, mar bringe de ûnderlinge fersteanberens net yn gefaar.
 
Sjoch de [[Sealterfrysk/ynhâld|'''ynhâld''']].