Noardfrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 4:
It Noardfrysk wurdt opmakke út net minder as tsien sterk faninoar ferskillende dialekten, elk mei syn eigen stavering, grammatika en wurdskat. Ien fan dy dialekten, it Suder-Goeshiirder, is lykwols yn 1981 útstoarn, wylst teminsten trije oare (it Middel-Goeshiirder, it Noard-Goeshiirder en it Karhiirder) op it rântsje fan it útstjerren balansearje.
 
De Noardfryske dialekten wurde ornaris opdield yn twa groepen, de fêstelândialekten en de eilândialekten. Dy groepen binne mar foar in part ûnderling fersteanber, eat dat nei alle gedachten weromfierd wurde kin op 'e ferskillende kolonisaasjeperioaden fan 'e eilannen en it fêstelân, dy't trijehûndert jier útinoar leinen. Mar ek yn 'e beide groepen besteane tusken de dialekten grutte ferskillen; fral yn 'e eilângroep is dat it gefal. ús stúdzjeboek is beheind ta it Noard-Fryske ''Mooringer'' dialekt. It ''Mooringer'' wurdt troch it grutste part fan'e Noard-Friezen sprutsen.
ús stúdzjeboek is beheind ta it Noard-Fryske ''Mooringer'' dialekt.
 
Sjoch de [[Noard-Frysk/ynhâld|'''ynhâld''']].