Noardfrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
 
No edit summary
Rigel 3:
It Noardfrysk wurdt opmakke út net minder as tsien sterk faninoar ferskillende dialekten, elk mei syn eigen stavering, grammatika en wurdskat. Ien fan dy dialekten, it Suder-Goeshiirder, is lykwols yn 1981 útstoarn, wylst teminsten trije oare (it Middel-Goeshiirder, it Noard-Goeshiirder en it Karhiirder) op it rântsje fan it útstjerren balansearje.
 
Yn it Noard-frysk wurde guon lûden mei diakrityske tekens brûkt ("ä", "å", "ö" en "ü") en wurde lange lûden werjûn troch ferdûbeling fan 'e oangeande letter ("aa", "ää", "åå", "ee", "ii", "oo", "öö", "uu", "üü"). En de Dútske ''Großschreibung'', it gebrûk om haadwurden mei in haadletter te begjinnen, is yn it Noardfrysk ôfskaft.
It Noardfrysk beskikt rûchwei oer itselde ferskaat oan lûden as it Westerlauwersk Frysk, mar de stavering fan dy klanken is oernommen fan it Dútsk en it Deensk. Ut it Dútsk komme de letters "ä" (de "e" fan "lek), "ö" ("u"fan "put") en "ü" ("ú") en út it Deensk komt de "å" (de "o" fan "hok"). Sadwaande wurdt de "ää" dus útsprutsen as "ê", de "åå" as "ô", de "öö" as "eu" en "äi" as "ij".
 
ús stúdzjeboek is beheind ta it Noard-Fryske ''Mooringer'' dialekt.