Noardfrysk/grammatika

Grutte letters

Lykas by it Frysk brûkt it Noardfrysk haadletters allinnich foar nammen, mar de regels binne net krekt itselde. It Frysk brûkt, krekt as it Nederlânsk, de haadletter ek by ôfliedings: Fryslân, Frysk. It Noardfrysk brûkt, krekt as it Dútsk, de haadletter net by ôfliedings: Fraschlönj, frasch.

Yn it Noardfrysk wurde guon lûden mei diakrityske tekens brûkt: "ä", "å", "ö" en "ü". Lange lûden wurde werjûn troch ferdûbeling fan 'e oangeande letter: "aa", "ää", "åå", "ee", "ii", "oo", "öö", "uu", "üü".

It Noardfrysk beskikt rûchwei oer itselde ferskaat oan lûden as it Westerlauwersk Frysk, mar de stavering fan dy klanken is oernommen fan it Dútsk en it Deensk. Ut it Dútsk komme de letters "ä" (de "e" fan "lek), "ö" ("u"fan "put") en "ü" ("ú") en út it Deensk komt de "å" (de "o" fan "hok"). Sadwaande wurdt de "ää" dus útsprutsen as "ê", de "åå" as "ô", de "öö" as "eu" en "äi" as "ij".

"ä" (läker) "e" (lekker) ää ê
"ö" (mölj) "u" (mul) öö eu
"ü" (üt) "ú" (út)
"å" (åch) "o" ("och") öö eu
äi ij