Wikiboeken:In nije side meitsje

Der binne op dit stuit twa manieren foar it oanmeitsjen fan in nije side. (Foar mear ynformaasje oer it skriuwen van tekst, sjoch Wikiboeken:Ienfâldich begjinne, en fierders faaks de Nederlânsktalige Wikipedia: Uitleg.)

In keppeling nei in lege side bewurkje

Sjogge jo op de Wikiboeken efter in wurd in fraachteken (of in reade link), dan is dat in al oanmakke keppeling nei in noch lege side. As jo dêrop klikke, dan ferskynt de bewurkingsside, mei in noch leech bewurkingsfjild. Yn dat fjild kinne jo nije tekst skriuwe. Dat kin daalks in folslein artikel wêze, of earst allinnich mar in oansetsje.)

Binne jo ree, dan kinne jo ûnderoan by Gearfetting koart oanjaan wat jo skreaun hawwe. Mei "Earst oerlêze" kinne jo fan de krekt ynfierde tekst neisjen of't it noch oars moat. Jo krije dan in nije side yn foarbyld fan de nij oanmakke side. Omdat it bewurkingsfjild ek wer op de side stiet, kinne jo gewoan noch fierder mei tafoegjen en oanpassen. (Of it bewurkingsfjild boppen of ûnder stiet kinne jo oanpasse yn de brûkers-ynstellings.)

Binne jo tefreden, dan klikke jo op Fêstlizze. Dernei komt de festleine side yn byld.

In nije keppeling bewurkje

Meitsje in nije keppeling op in side dy't wat mei jo nije mêd út te stean hat, of as it wurd al op dy side stiet, feroarje it dan yn in keppeling (Wikifisearje). Klik dan op it nije fraachteken (of de reade ferwizing) en meitsje in begjin mei de nije side. Sa kin men hieltyd nije stikken tafoegje.

Winken bewurkje

  • Wolle jo út ein sette mei in folslein nije kursus begjinne, dan is it baas en besykje earst fia it sykfjild, dat op eltse side stiet, út te finen of der al ien dwaande is mei dat mêd.
  • NB! Tink der om dat dy nije keppeling in noflike titel hat, en dat dy titel tusken dûbele rjochte heakken stiet., [[Sa]] . (Sjoch ek It beneamen fan in side en Uitleg).

En no: Brân mar los en fiel jo frij! Mar wolle jo earst wat witte oer de foarm en ynhâld fan Wikipedy siden, lês dan Stikken skriuwe yn Wikipedy-styl.